Hoogwaardige Hematologische & Oncologische zorg in alle Friese ziekenhuizen.
Yn de Behannelwizer krije jo ynformaasje oer gemoterapy en doelrjochte terapy, ek wol targeted terapy neamd.
Gemoterapy is in kombinaasje fan medisinen, dy’t brûkt wurdt om kanker te behanneljen. Dizze medisinen wurde ek wol antikanker-medisinen of cytostatica neamd.
Us lichem bestiet út miljoenen sellen, dy’t groeie, harren diele en ek wer ôfstjerre. Wannear’t der yn dit proses wat mis giet, kin kanker ûntstean. De kankersellen bliuwe har dêrnei dielen en groeien sûnder dat it lichem hjir fet op hat.
Gemoterapy pakt kankersellen oan troch it dielen fan de sellen tsjin te gean. De gemoterapy komt yn it hiele lichem, wêrtroch ek normale, sûne sellen skea oprinne kinne. Dit jildt yn it bysûnder foar de fluch-dielende sellen, lykas bygelyks de slymfluezen. Skea oan sûne sellen jout bywurkingen. Meastentiid is de skea tydlik en sille de sûne sellen út harsels wer better wurde.
Doelrjochte oftewol targeted terapy, is in behanneling mei medisinen dy’t har spesifyk rjochtsje op de kankersellen. Doelrjochte terapy bringt minder skea ta oan sûne sellen as bygelyks gemoterapy.
Doelrjochte terapy is der op rjochte:
Meikoarten begjinne jo mei ien fan dizze behannelingen of in kombinaasje hjirfan. Fan jo spesjalist en ferpleechkundich konsulint onkology krije jo ynformaasje oer jo spesifike behanneling en hokfoar bywurkingen dêrby ûntstean kinne.
Hjir fine jo ynformaasje oer:
Jo kinne de Behannelwizer ûnder de behanneling as neislachwurk brûke.
Fierder fine jo hjir ynformaasje oer de gong fan saken op de polyklinyk, it dei-sintrum en de klinyk wêr’t jo de behanneling krije.
Ta beslút fine jo yn dit boekje ynformaasje hoe’t jo thús it bêste omgean kinne mei útskiedingsprodukten. (spui – poep – urine)
Algemiene ynformaasje oer gemoterapy fine jo yn de folder “Chemotherapie” fan de KWF Kankerbestriding.
Foar algemiene ynformaasje oer ‘Doelrjochte-terapy’ ferwize wy jo nei de webside www.kanker.nl.
Ynformaasje oer de medisinen dy’t jo krije kinne jo fine op ynternet www.bijwerkingenbijkanker.nl.