Hoogwaardige Hematologische & Oncologische zorg in alle Friese ziekenhuizen.

Antonius Zorggroep

Team en kontakt

Troch de behanneling kinne bywurkingen optrede wêrby’t it nedich is om fuortendaliks kontakt op te nimmen mei de ferpleechkundich konsulent onkology. Hjirfoar kinne jo fan moandei oant en mei freed fan 8.00-16.30 skilje mei tillefoannûmer 0515-488904: tusken 09.00 -10.00 oere en tusken 13.00 -14.00 oere. Jo kinne de voicemail ynsprekke of maile mei de ferpleechkundich konsulent onkology. By it ynformaasjepetear mei de ferpleechkundich konsulent onkology krije jo in ynformaasjeboekje/behannelwizer mei dit tillefoannûmer.

Efteryn dizze behannelwizer kinne jo sels oantekenings meitsje en/of jo fragen opskriuwe. By in folgjende bisite oan jo hũsdokter of it sikehȗs kinne jo jo fragen besprekke mei jo dokter of ferpleechkundige.
Bûten dizze tiiden meie jo skilje mei 0515-488600.

Jo meie fansels ek altiten kontakt opnimme mei jo húsdokter. Dizze nimt dan as it nedich is kontakt op mei it sikehûs.

Gong fan saken op deibehanneling onkology

Op de dei dat de behanneling plend stiet, melde jo jo by de resepsje fan it sikehûs op it ôfsprutsen tiidstip.
De onkology ferpleechkundiche fertelt de bloedútslaggen en freget nei de bywurkingen. Yn dit petear wurdt mei jo besprutsen oft de behanneling al of net trochgean kin.
De ôfdieling is ferdield yn 1-,2- en 4-persoanskeamers. De onkology-ferpleechkundige sil jo it ynfuus prikke en jout jo de behanneling. Wylst jo de kuer krije, kin jo partner of in oare neiste by jo bliuwe.

Nei de behanneling krije jo de ferfolchôfspraken mei. Dizze ôfspraken geane oer de bloed-ôfname, mooglike ûndersiken, it besykjen fan in spesjalist of ferpleechkundich konsulent onkology en de datum fan de folgjende kuer. 

Bij fragen of problemen kinne jo kontakt opnimme mei de ferpleechkundich konsulent onkology.

Hoewol’t it noflik wêze kin yn kontakt te kommen mei lotgenoaten (op de ferpleegofdieling) moatte jo jo tagelyk realisearje dat eltse pasjint syn eigen sykte hat en dêrmei ek syn spesifike behanneling.

Gong fan saken by opname yn de klinyk

Soms is it net mooglik de kuer op de dei-behanneling te jaan. Dit kin it gefal wêze as de kuer langer as in pear ȗren of sels in pear dagen duorje sil. Wannear ’t dat it gefal is, wurde jo opnaam op de ferpleech-ôfdieling B0.

Op de dei dat de behanneling plend stiet, melde jo jo by de resepsje fan it sikehûs op it ôfsprutsen tiidstip.
Op de ȏfdieling hawwe jo earst een petear mei de ȏfdieliengsferpleechkundige. Hja/hy sil jo ynlochtsje oer de gong fan saken rȗnom de behanneling. Hawwe jo noch fragen dan kinne jo dizze oan de ferpleechkundige of de dokter stelle.
De onkology ferpleechkundiche fertelt de bloedútslaggen en freget nei de bywerkingen. Yn dit petear wurdt mei jo besprutsen oft de behanneling al of net trochgean kin.
De ôfdieling is ferdield yn 1-,2- en 4-persoanskeamers. 
De onkology-ferpleechkundige sil jo it ynfuus prikke en jout jo de behanneling. Tidens de kuer kinne jo besyk ȗntfange. De besyktiden kinne jo fine yn de ȏfdielingsfolder.

Nei de behanneling krije jo de ferfolchôfspraken mei. Dizze ôfspraken geane oer de bloed-ôfname, mooglike ûndersiken, it besykjen fan in spesjalist of ferpleechkundich konsulint onkology  en de datum fan de folgjende kuer. 

Bij fragen of problemen kinne jo kontakt opnimme mei de ferpleechkundich konsulint onkology.