Hoogwaardige Hematologische & Oncologische zorg in alle Friese ziekenhuizen.

Nij Smellinghe

Team en kontakt

Troch de behanneling kinne bywurkingen optrede wêrby’t it nedich is om fuortendaliks kontakt op te nimmen mei Nij Smellinghe. Hjirfoar kinne jo 24 oeren deis (ek yn it wykein) skilje mei telefoannûmer 0512-588888.

Jo meie fansels ek altiten kontakt opnimme mei jo húsdokter. Dizze nimt dan as it nedich is kontakt op mei it sikehûs.

De polyklinyk fan Nij Smellinghe is ûnder kantoaroeren berikber op telefoannûmer 0512-588277.

Gong fan saken op it dei-sintrum fan Nij Smellinghe

Op de dei dat de behanneling plend stiet, melde jo jo by t dei-sintrum fan Nij Smellinghe op rûte 20. Op jo ôfsprakekaartsje stiet hoe let as jo ferwachte wurde.
De ferpleechkundich konsulint onkology fertelt de bloedútslaggen en freget nei de bywurkingen. Yn dit petear wurdt mei jo besprutsen oft de behanneling al of net trochgean kin.
De ôfdieling is ferdield yn in 6-persoanskeamer en 2 ienpersoans keamers. Wylst jo de kuer krije, kin jo partner of in oare neiste by jo bliuwe.
Wy freegje jo om dit te beheinen ta ien persoan yn ferbân mei de rêst op de keamer. Nei  de behanneling krije jo de ferfolchôfspraken mei.
Hoewol’t it noflik wêze kin yn kontakt te kommen mei lotgenoaten, moatte jo jo tagelyk realisearje dat eltse pasjint syn eigen sykte hat en dêrmei ek syn spesifike behanneling.