Hoogwaardige Hematologische & Oncologische zorg in alle Friese ziekenhuizen.

Wittenskiplik ûndersyk

Dokters en oare belutsenen by ûndersyk en behanneling fan kanker besykje de behanneling fan kanker hieltiten te ferbetterjen. Dit bart troch wittenskiplik ûndersyk, ek wol stúdzjes of trials neamt. Troch diel te nimmen oan ûndersyk wurdt wichtige ynformaasje sammele. Dizze ynformaasje kin foar josels of foar oare minsken mei kanker yn de takomst wichtich wêze. Troch de nije behanneling kin bygelyks de kâns te oerlibjen grutter wurde, of de kwaliteit fan libben ferbetterje, omdat der bygelyks minder kans op bywurkingen is. It is wichtich om mei te dwaan oan wittenskiplik ûndersyk, omdat der altiten fierder ferbettere wurde kin. Der binne strange lanlike regels en wetten oer it dwaan fan ûndersyk. Sa wurdt de bêste kwaliteit fan ynformaasje út it ûndersyk helle en wurdt de persoan dy meidwaan wol goed beskerme.

Jo dokter of ferpleechkundige (ûndersykferpleechkundige of ferpleechkundich spesjalist) kin jo freegje om mei te dwaan oan in ûndersyk. Meastal giet it om in wittenskiplik ûndersyk

wêryn twa soarten medisinen, dy’t los fan inoar al wiidweidich test binne, mei inoar ferlike wurde. Hjirby is it iene middel de standertsbehanneling en it oare middel in nijere wize fan behanneljen. Ek kin it gean om it beoardieljen fan de effekten of bywurkingen fan ferskate behannelskema’s. Soms wurdt bloed of weefsel sammele om te sjen nei mooglike behannelingen yn de takomst. Dêrneist wurdt ûndersyk dien nei foarljochting, nei it mei elkoar nimmen fan besluten en nei it jaan fan stipe by kanker.

De Fryske sikenhuzen dooge mei oan in soad ûndersiken. Wannear’t jo yn oanmerking komme foar in ûndersyk sil jo dokter of (ûndersyk)ferpleechkundige jo hjirfoar freegje. Jo krije dan mûnling en skriftlik ynformaasje mei. Foardat jo beslisse diel te nimmen, moatte jo goed op de hichte wêze. Jo krije foldwaande tiid om deroer nei te tinken of fragen te stellen. Earst as jo alles begrepen ha en meidwaan wolle, wurdt jo frege in hantekening te pleatsen op in tastimmingsformulier (informed consent formulier).

As jo beslute net mei te dwaan oan in ûndersyk, krije jo ek de bêst mooglike behanneling en begelieding. Jo kinne ek altiten yn de rin fan it ûndersyk beslute om op te hâlden mei jo dielname oan it ûndersyk.