Hoogwaardige Hematologische & Oncologische zorg in alle Friese ziekenhuizen.
Gemoterapy hat net allinne ynfloed op de kankersellen, mar ek op de sûne lichemssellen. Hjirtroch kinne bywurkingen ûntstean. Guon minsken hawwe dêr in protte lêst fan, oaren merke dêr hast neat fan. It him foardwaan fan bywurkingen en de earnst dêrfan seit neat oer it effekt fan de behanneling op de sykte. Wy jouwe ûndersteande ynformaasje sadat jo by mooglike bywurkingen witte hoe ’t jo dêr it beste mei omgean kinne en wannear’t jo kontakt opnimme moatte mei it sikehûs.
Mear ynformaasje kinne jo fine yn de KWF brosjuere “Chemotherapie”.
Tsjintwurdich binne mislikens en spuien meastal goed foar te kommen mei medisinen. Wannear’t jo dochs lêst krije fan dizze bywurkingen, bepraat dat dan mei jo dokter of ferpleechkundige. Hy/sy kin jo advizen of medisinen jaan om de mislikens en/of it spuien tsjin te gean.
Foar de behanneling fan mislikens en spuien is it wichtich te witten wat de oarsaak is. It is dêrom goed om by te hâlden:
Krije jo te meitsjen mei fermindere sin oan iten of mislikens, dan kinne jo ek sels jo ytgewoanten oanpasse. Wy jouwe in oantal tips:
Mei de behanneling wurdt by elke kuer jo gewicht metten. In feroaring yn gewicht kin oanlieding wêze om de diëtiste yn te skeakeljen. Soms nimt it gewicht ta wannear’t jo de behanneling krije. Jo dokter of ferpleechkundige kin mei jo neigean wat de oarsaak hjirfan is en of der in reden is om wat te dwaan oan dizze gewichtsferoaring.
Wannear’t jo smaak feroaret, kin dat liede ta it minder sin oan iten ha. Wat jo dwaan kinne is in soad ferskillende produkten probearje. As jo mar in bytsje priuwe, is it ekstra wichtich dat it iten der goed útsjocht.
Yn de brosjuere “Voeding bij kanker” fan KWF Kankerbestrijding fine jo wiidweidige tips oer goed iten by en nei de behanneling. Jo fine dizze folder yn it ynformaasjepakket dat jo fan de ferpleechkundige krigen ha by it ynformaasjepetear.
Goede mûlehygiëne is wichtich by it foarkommen fan problemen fan it mûleslymflues.
Inkele oanwizings binne:
Bringe jo in (kontrôle)besyk oan jo toskedokter of mûle-hygiëniste? Meld dan altiten dat jo in behanneling krije. Sjoch hjirfoar ek it stikje: ”It besykjen fan de toskedokter of de mûle-hygiëniste” ûnder “Oandachtspunten by de behanneling”.
By de behanneling fan kanker kinne jo lêst krije fan wurgens en kondysjeferlies. Dizze wurgens nimt meastal ta yn ‘e rin fan de behannelperioade. Ek nei de behanneling kin de wurgens bestean bliuwe. In protte minsken hawwe oanstriid om rêst te nimmen, om de wurgens safolle as mooglik foar te kommen. Ut wittenskiplik ûndersyk blykt krekt dat bewegen in posityf effekt hat op wurgens en kondysjeferlies. It advys is dan ek om lichaamlik aktyf te wurden – of te bliuwen – foarôfgeand en wylst jo de behanneling krije. Jo hoege hjirfoar net yntinsyf te sporten. Kuierjen en fytsen yn in flink tempo kinne ek soarchje foar de goede lichaamlike ynspanning. Mear ynformaasje fine jo yn de brosjuere/webside “Bewegen tijdens de behandeling van kanker” en de brosjuere: “Vermoeidheid na kanker”. Sjoch ek haadstik 10.
Guon, mar grif net alle, gemokueren , kinne hierútfal feroarsaakje. Net allinne it hollehier, mar ek eachteisters, wynbrauwen, okselhier en skamhier kinne útfalle. Faak is der min wat oan te dwaan as it hier tinner wurdt of útfalt. Meastal begjint jo hier wer te groeien wannear’t jo de behanneling efter de rêch hawwe. Soms sels al ûnder de behanneling.
In tal tips foar de fersoarging fan jo hier:
Foar it begjin fan de kuer kinne jo in oantal stappen nimme:
Yn de Fryske sikenhuzen is der de mooglikheid foar it kuoljen fan de hollehûd mei de Coldcap. De Coldcap wurdt brûkt om ferlies fan hier troch de gemoterapy foar te kommen of te beheinen. Troch it kuoljen fan de hollehûd fernauwe de bloedfetten en kin de cytostatica de hierwoartels minder goed berikke. It sukses fan de behanneling fan de Coldcap hinget ûnder oaren ôf fan it cytostaticamiddel dat jûn wurdt.
Jo kinne mei jo spesjalist of ferpleechkundich konsulint onkology beprate of kuolje fan de hollehûd yn jo situaasje mooglik is.
Guon minsken krije lêst fan diarree troch de kuer. Yn dat gefal is it wichtich dat jo minimaal twa liter focht op in dei nimme om it ferlies oan focht oan te foljen. By diarree ferlieze jo ek sâlten; jo kinne dat oanfolje mei it drinken fan bûljon, tomatesop of grientesop. It is nofliker om faak lytse mielen te brûken. Nim dan gjin “gasfoarmjende” fiedingsmiddels, lykas koal, sipel en prei. Foegje, mar net te folle, sûker ta oan jo iten of yn tee of kofje. Hawwe jo langer as twa dagen diarree? Oerlis dan mei de ferpleechkundich konsulint onkology (sjoch in “Teams en Gong fan saken”).
Guon minsken ha troch de kuer krekt lêst fan ferstopping of obstipaasje. Ek dan is it wichtich dat jo minimaal twa liter drinke op in dei. Brûk sa folle mooglik fezelryk iten: it iten fan brúne- of folkoaren bôle, griente en fruit stimulearret de terms. Hawwe jo langer as twa dagen net poept, oerlis dan mei de ferpleechkundich konsulint onkology (sjoch in “Teams en Gong fan saken”). Yn de brosjuere “Voeding bij kanker” fan it KWF fine jo mear tips.
Bienmoarch is wichtich foar it oanmeitsjen fan bloedsellen (wite en reade bloedlichemkes en bloedplaatsjes). Om de wurking fan de cytostatic op jo bienmoarch en de oanmaak fan de bloedsellen yn ‘e gaten te hâlden, wurdt faak foar de gemokuer jo bloed kontrolearre.
Wannear’t de oanmaak fan bloedsellen fersteurd is kinne de folgjende ferskynsels optrede:
In lyts oantal pasjinten krijt troch de kuer klachten fan de eagen, lyksas brânerige en trienjende eagen. Minsken mei kontaktlinzen binne hjir gefoeliger foar. Soenen jo lêst krije fan jo eagen dan kinne jo dit it bêste besprekke mei jo spesjalist. Dizze kin jo eventueel eachdrippen foarskriuwe.
Under ynfloed fan de medisinen kin jo hûd droech en/of skulferich wurde. Jo kinne in fette krêm of oalje brûke om dit safolle mooglik tsjin te gean. Ek kin jo hûd gefoeliger wêze as gewoanlik en gauwer ferbaarne yn de sinne. By bleatstelling oan de sinne wurdt in sinnebrânkrêm mei minimaal in beskermingsfaktor 30 advisearre. Tink hjirby ek oan it dragen fan in hoed of in pet om jo hollehûd te beskermjen. Lang sinnebaaien wurdt de earste 6-8 wiken nei de ein fan de gemoterapybehanneling ôfret.
Foar mear ynformaasje kinne jo de brosjuere “Verstandig zonnen” van de KWF Kankerbestrijding rieplachtsje of www.lookgoodfeelbetter.nl foar tips oer de fersoarging fan hûd en neilen.
Guon cytostatica kinne it hân/foet syndroom feroarsaakje. Dit is in reaksje fan de hûd fan de hânpalmen en de foetsoalen. Jo dokter of ferpleechkundich konsulint onkology kin jo fertelle of jo dizze cytostatica krije. Klachten dy’t by in hân/foet syndroom optrede kinne binne:
As jo lêst krije fan dizze klachten, is it wiis om sa gau mooglik kontakt op te nimmen mei de spesjalist dy’t jo behannelet of de ferpleechkundich spesjalist onkology (ek yn it wykein). Sjoch ek “Redenen om te warskôgjen”.
De medisinen dy’t by in gemokuer jûn wurde, kinne feroarings jaan yn it ferrin fan de menstruaasje. Dit wikselt fan “in kear oerslaan” oant fuortbliuwe en kin ek
oergongsklachten meibringe. Ek kin de menstruaasje heftiger wêze as normaal. Nei it beëinigjen fan de behanneling kin de menstruaasje wer op gong komme. Mar gemoterapy kin ek as gefolch ha dat de menstruaasje net wer weromkomt en jo yn de oergong komme.
Sawol by manlju as by froulju kinne cytostatica de fruchtberens ferminderje. Meastal wurdt dit wer better. Wannear’t jo yn de fruchtbere leaftiid binne, oerlis dan mei jo spesjalist hokker konsekwinsjes de behanneling foar jo hat. Jo kinne mei de spesjalist ek oerlizze oer it brûken fan antykonsepsjemiddels.
Troch bywurkingen fan de kueren en de sykte sels kin sin hawwe yn frijen fermindere wêze. It ferlet fan leafdefolle oandacht en inoar oankrûpe kin krekt tanimme. In praktysk punt foar froulju is dat troch de medisinen de fagina droeger wurde kin. By it frijen kin dan in glydmiddel brûkt wurde, bygelyks Sensilube. By manlju kinne har fersteuring yn de ereksje foardwaan. Hingje der net tsjinoan problemen op dit gebiet te besprekken mei jo dokter of de ferpleechkundige. Yn de brosjuere “Kanker en seksualiteit” van de KWF Kankerbestrijding kinne jo mear lêze oer dit ûnderwerp. Jo kinne dizze brosjuere krije fan de ferpleechkundich konsulint onkology.
Oant in wike nei dat jo de cytostatica krigen ha, kinne der ôfbraakprodukten yn jo urine of poep foarkomme. Dizze ôfbraakprodukten binne fergiftich. Derom jouwe wy hjirûnder oanwizing hoe’t jo hjir thús it bêste mei omgean kinne. Hoe lang der ôfbraakprodukten yn jo urine of poep foarkomme ferskilt elke cytostaticakuer. De ferpleechkundich konsulint onkology besprekt dit mei jo. Yn spui kinne oant twa oeren nei it ynnimmen fan cytostaticatabletten resten fan cytostatica foarkomme.
Flibe, swit en faginale ôfskieding leverje by normale omgong gjin risiko op. Wol wurdt advisearre om de hiele perioade dat jo gemoterapy krije in kondoom te brûken by it frijen om it risiko op bleatstelling oan cytostatica-ôfbraakprodukten en it risiko op ynferwachting reitsjen (wannear fan tapassing) foar te kommen.
It is better foar jo en jo húsgenoaten om net yn kontakt te kommen mei útskiedings-produkten. Dit kin troch inkele hygiënyske maatregels te treffen.
By de neikommende klachten moatte jo fuortdalik kontakt opnimme mei it sikehûs, de dokter dy’t jo behannelet, of de ferpleechkundich konsulint onkology.
As jo twifelje of jo ûnwis fiele oer guon klachten dy jo ha, nim dan kontakt op mei it sikehûs, jo spesjalist of de ferpleechkundich konsulint onkology. Jo fine de telefoannûmers yn “Teams en Gong van saken”. Jo meie fansels ek kontakt opnimme mei jo húsdokter.