Hoogwaardige Hematologische & Oncologische zorg in alle Friese ziekenhuizen.

Medisch Centrum Leeuwarden

Team en kontakt

Troch de behanneling kinne bywurkingen optrede wêrby’t it nedich is om fuortendaliks kontakt op te nimmen mei it OCL. Hjirfoar kinne jo 24 oeren deis (ek yn it wykein) skilje mei telefoannûmer 058-2861818. By it ynformaasjepetear mei de ferpleechkundich konsulint onkology krije jo in ynformaasjekaartsje mei dit telefoannûmer.

Ûnder “Behannelwizer” fine jo mear ynformaasje oer de redenen om fuortendaliks kontakt op te nimmen mei it sikehûs.

Jo meie fansels ek altiten kontakt opnimme mei jo húsdokter. Dizze nimt dan as it nedich is kontakt op mei it sikehûs.

De polyklinyk fan it Onkologysk Sintrum is ûnder kantoaroeren berikber op telefoannûmer 058-28666660. Om jo sa goed as mooglik fan tsjinst te wêzen, krije jo in tal kar-mooglikheden:

  • Ynterne onkology en longonkology
  • Bloedsykten
  • Sjirurgyske mamma en melanoom polyklinyk

Mei dit nûmer kinne jo, mei help fan de sekretaresse, ek kontakt opnimme mei de spesjalist dy’t jo behannelet.

 

Efteryn dizze behannelwizer kinne jo sels oantekenings meitsje en/of jo fragen opskriuwe.

By in folgjende besite oan jo húsdokter of it sikehûs kinne jo jo fragen besprekke mei jo dokter of ferpleechkundige.

Gong fan saken op it dei-sintrum fan it OCL

Op de dei dat de behanneling plend stiet, melde jo jo by de ûntfangstbaly op rûte 98 (by de yngong fan it OCL). Op jo ôfsprakekaartsje of yn MijnMCL stiet hoe let as jo ferwachte wurde. Jo nimme dan plak yn de ûntfangstromte. Jo wurde op de ôfsprutsen tiid oproppen troch de ferpleechkundich konsulint onkology. Dizze nimt sa nedich bloed ôf en bringt in ynfúsnulle yn foar de behanneling.

De ferpleechkundich konsulint onkology fertelt hoe lang as it duorret foardat de bloed- útslaggen bekend binne en wannear’t jo wer werom ferwachte wurde op rûte 98. Meastentiids duorret dit in oere. Yn dizze oere binne jo frij om te gean wêr’t jo wolle. Bygelyks nei de winkelstrjitte yn de sintrale hal fan it sikehûs of nei de wintertún fan it OCL. Rinne jo min? Dan kin in frijwilliger fan de UVV (Unie fan Frijwilligers) of de golfkarre jo hjirhinne bringe. Jo hoege net yn it sikehûs te bliuwen, as jo mar op tiid wer werom binne foar jo ôfspraak.

Nei dizze wachttiid nimme jo wer plak yn de ûntfangstromte fan rûte 98. De spesjalist of de ferpleechkundich konsulint onkology ropt jo op de ôfsprutsen tiid op. Yn dit petear wurdt mei jo besprutsen of de behanneling al of net trochgean kin. Op jo ôfsprakekaartsje stiet mei wa as jo dit petear hawwe.

Wannear’t de behanneling trochgean kin, geane jo nei it dei-sintrum fan it OCL op ôfdieling Y. De ôfdieling is ferdield yn 1-,2- en 4-persoanskeamers. Sa mooglik sil rekken hâlden wurde mei jo winsken oangeande de keamer wêr ’t jo de kuer krije sille.

De ferpleechkundige ûntfangt jo op ôfdieling Y en jout jo de behanneling. Wylst jo de kuer krije, kin jo partner of in oare neiste by jo bliuwe.

Wy freegje jo om dit te beheinen ta ien persoan yn ferbân mei de rêst op de keamer. Nei  de behanneling krije jo de ferfolchôfspraken mei.

Hoewol’t it noflik wêze kin yn kontakt te kommen mei lotgenoaten, moatte jo jo tagelyk realisearje dat eltse pasjint syn eigen sykte hat en dêrmei ek syn spesifike behanneling.

 Gong fan saken by opname yn de klinyk fan it OCL

Soms is it net mooglik de kuer op it dei-sintrum te jaan. Dit kin it gefal wêze as de kuer langer as in pear oeren of sels in pear dagen duorje sil. Wannear ’t dat it gefal is, wurde jo opnaam op de ferpleech-ôfdieling fan it OCL, ôfdieling Z.

Foarôfgeand oan de opname komme jo by de spesjalist en de ferpleechkundich konsulint onkology.

De ôfdieling is ferdield yn 1-, 2- en 4-persoanskeamers. Sa mooglik sil rekken hâlden wurde mei jo winsken oangeande de keamer wêr ’t jo de kuer krije sille.

Op de ôfdieling hawwe jo earst in petear mei de ôfdielingsferpleechkundige. Sy/hy sil jo ynljochtsje oer de gong fan saken rûnom de behanneling. Soms sil de ôfdielingsdokter jo dêrnei koart ûndersykje. Hawwe jo noch fragen dan kinne jo dizze oan de ferpleechkundige of de dokter stelle.

Wylst jo de kuer krijen, kinne jo besite ûntfange. De besyktiden kinne jo fine yn de ôfdielingsfolder.

As de kuer ôfrûn is, krije jo fan de ôfdielingsferpleechkundige of de ferpleechkundige fan it dei-sintrum ferfolchôfspraken mei. Dizze ôfspraken gean oer de bloed-ôfname, mooglike ûndersiken, it besykjen fan in spesjalist of ferpleechkundich konsulint onkology en de datum fan de folgjende kuer.

By fragen of problemen kinne jo kontakt opnimme mei de ferpleech-ôfdieling. It telefoannûmer fine jo ûnder “Team en Gong fan saken”.