Hoogwaardige Hematologische & Oncologische zorg in alle Friese ziekenhuizen.

Oandachtspunten by de behanneling

Fiedingssuppleminten

It hat meastal net folle doel om neist de behanneling fiedingssuppleminten te brûken. Wannear’t jo neffens de advizen fan it fiedingssintrum ite en drinke, krije jo foldwaande fitaminen en mineralen binnen. De iennichste reden om suppleminten te nimmen is it brûken fan ûnfolweardige fieding. In behanneling mei gemoterapy kin in fermindere ynname fan fiedingsstoffen, wêrûnder fitaminen en mineralen meibringe. It tekoart oan fitaminen en mineralen kin dan oanfolle wurde mei ferrike fiedingsmiddels, medyske drinkfieding, of mei in preparaat dat oanfollet ta de oanbefelle deistige poarsje. It is oanbefelle om yn dat gefal in preparaat te brûken mei maksimaal 100% fan ‘e oanbefelle deistige poarsje (ADH). Dizze dosearring wurdt as feilich beskôge ûnder jo behanneling.

Brûke jo fiedingssuppleminten, homeopatyske middels of krûdemiddels? Meld dat dan by de dokter dy’t jo behannelet of de ferpleechkundich spesjalist onkology. Guon suppleminten/middels kinne de wurking fan de gemoterapy negatyf beynfloedzje. Ditselde jildt ek foar grapefruitssop.

Fette fisk en fisk-oaljesuppleminten neist de Gemoterapy

Wannear’t jo behannele wurde mei gemoterapy is it advys om de dei foarôfgeand oan de gemokuer, de dei/dagen fan de gemokuer en de dei nei it beëinigjen fan de gemokuer gjin fisk-oaljesuppleminten (sa as fisk-oaljekapsules), gjin fette fisk en gjin produkten dy’t ferrike binne mei omega-3-fetsoeren (sa as margarine ferrike met omega-3) te brûken.
Produkten mei fisk-oalje lykje de wurking fan guon soarten gemoterapy tsjin te wurkjen. Under de fette fisksoarten falle û.o. hjerring, bokking,makriel, salm, sardines en ansjofisk.

Grypprik

Elke hjerst wurde in protte minsken útnûge foar in grypprik. Wannear’t jo behannele wurde mei gemoterapy kinne jo de grypprik krije as jo dat wolle of wannear’t jo dat yn oare jierren ek krigen. Der binne wol inkele punten fan oandacht.
Wylst jo gemoterapy krije slacht de grypprik minder goed oan. Yn it meast ideale gefal krije jo dêrom de grypprik foardat jo begjinne mei de behanneling. Dit is lykwols net altiten mooglik. Bygelyks as jo al in skoft behannele wurde foardat jo de útnoeging krije. Wannear’t jo al dwaande binne mei in behanneling dan is it bêste stuit om de grypprik te jaan op dei fiif nei de gemoterapy of sa koart mooglik dêrnei (bygelyks as dei fiif yn in wykein of op in feestdei falt).

It besykjen fan de toskedokter of de mûle-hygiëniste

In besite oan de toskedokter of de mûle-hygiëniste kin it beste fuortfoar of foartnei de gemokuer. Ekstra bloedûndersyk is net nedich, of it moat wêze dat jo dokter of ferpleechkundich spesjalist oanjûn hat dat de kâns op bliedings of ynfeksjes slim ferhege is.

Brûke jo bonkefersterkjende medisinen (sa as APD, Zoledroninezuur of Denosumab)? Dan is ekstra oerlis mei de dokter dy ‘t jo behannelet nedich, foarôfgeand oan in besite oan de toskedokter of de mûle-hygiëniste. Wannear’t jo in ymplantaat yn de kaak hawwe, in min gebit hawwe of wannear’t der in kies lutsen wurde moat, is der in hegere kans op komplikaasjes. Meld dêrom altiten oan jo toskedokter, kaaksjirurch of mûle-hygiëniste dat jo bonkefersterkjende medisinen brûke.
Hawwe jo koartlyn by de toskedokter of mûlehygiëniste west? Lit dat by in sikehûsbesite dan ek witte oan de dokter dy’t jo behannelet of de ferpleechkundige.

It besykjen fan de pedikuere

Wannear’t jo in pedikuere besykje dan kinne jo dat it beste fuortfoar of fuortnei de gemokuer dwaan. Ekstra bloedûndersyk is net nedich, of it moat wêze dat jo dokter of ferpleechkundich spesjalist oanjûn hat dat de kâns op bliedings of ynfeksjes slim ferhege is. Lit ek jo pedikuere witte dat jo gemoterapy krije.

Medisinale Kannabis

Yn de media is in protte oandacht foar it brûken fan medisinale kannabis by kanker. Oare nammen foar kannabis binne marihuana of wiet (wietoalje). Medisinale kannabis is by de apoteek te krijen.

Der is op dit stuit gjin wittenskiplik bewiis dat wietoalje helpt by kanker. Pasjinten dy’t wietoalje brûke dogge dit mei it doel: pine te bestriden, mislikens en spuien ferminderje te litten, it sin oan iten te ferbetterjen, gewichtsferlies te ferminderjen, it sliepen te ferbetterjen. Ek is bekend dat kannabis in ûntspannend en rêstjouwend effekt jaan kin.

Brûke jo wietoalje en dêrneist noch oare middels tsjin de pine (sa as morfine) of rêstjouwende medisinen? Dan kin wietoalje de bywurkingen fan dizze medisinen (lykas slûgens of yn ‘e war wêze) fersterkje. Bring dêrom de dokter dy’t jo behannelet of de ferpleechkundich konsulint onkology altiten op de hichte as jo wietoalje brûke.

Mear ynformaasje oer medisinale kannabis fine jo op de webside fan it Bureau voor Medicinale Cannabis (Ministerie van VWS): www.cannabisbureau.nl.